Justerjûn wie de wrâldpremjêre fan it iepenloftspul It deiboek fan Anne Frank. Wat ha ik mei myn familje in prachtige jûn hân en wat ha de spilers in geweldige prestaasje delsetten!
Regisseur Rense Rotsma frege my in 2013 of ik helpe woe mei de PR. We koene inoar al fan it iepenloftspul Dronryp, dêr’t we beide by spiele hawwe. Ik hie it tonielstik oer Anne Frank ek sjoen yn Wommels, doe’t Rense it yn it Nederlânsk opfierd hat. Sadwaande wist ik ek wat ik fan Rense ferwachtsje koe as regisseur.
Myn rol by Iepenloftspul It Deiboek fan Anne Frank
Foar it iepenloftspul “It Deiboek fan Anne Frank” bin ik ferantwurdlik foar de sosjale media (Facebook en Twitter) en meitsje ik diel út fan it PR-team.
Yn 2014 ha ik mei west nei it Anne Frank hûs en bin ik my noch mear bewust wurden fan it feit hoe wichtich it is dat wy it ferhaal fan de oarloch, de besetting en ús frijheid fertelle en betinken bliuwe moatte… sadat wy nea wêr oarloch krije!
In histoarysk ferhaal fertelle yn de Fryske taal en ek noch mei in iepenloftspul, dan kin je dochs net ‘nee’ sizze as jo as Friezinne frege wurde om mei te dwaan? Dêrom stiet ek myn profylfoto op Facebook fan no ôf oan it ein fan de foarstellings yn it teken fan Iepenloftspul It Deiboek fan Anne Frank.
Sjoch nei de fideo fan Omrop Fryslân om mear te witte te kommen oer dit prachtige iepenloftspul. Fan ‘e jûn (13 juni) gean ik nochris en dan foar relaasjes fan GJIZ. In bysûnder útstapke tocht ik sa.
Bron: https://youtu.be/cF2GJUvs2Hc 13 juny 2015.